De nacht is foarby, de sinne is frij, om heech te gean Aanst wurdt it dei, de moarn is te nij, om stil te stean It libben wie wrang, it wachtsjen te lang. Mar 't nimt in kear Wês mar net bang, nea wer bang, it hoecht net mear
Der sil gjin dei begjinne, dat ik net by dy bin Gjin oerwurk foar ús rinne, sûnder sin Jou my dyn hân, jou my dyn hert Asto it doarst mei my Hjir is myn hân, hjir is myn hert 'k Jou myn bestean oan dy Lang wie it kâld en tsjuster, aanst komt de dei Fynt it ljocht syn wei, yn in nije dei
'k Kaam net út e rie, it paad dat ik gie, it wie sûnder ein De tiid dy't der wie, 't hert dat ik hie, it wie fersein 'k Ha my oan dy jûn, mysels yn dy fûn, 'k begjin op 'e nij Leafde hat wûn, twa minsken bûn, mar fûgelfrij
Der sil gjin dei begjinne, dat ik net by dy bin Gjin oerwurk foar ús rinne, sûnder sin Jou my dyn hân, jou my dyn hert Asto it doarst mei my Hjir is myn hân, hjir is myn hert' k Jou myn bestean oan dy Lang wie it kâld en tsjuster, aanst komt de dei Fynt it ljocht syn wei, yn in nije dei Lang wie it kâld en tsjuster, aanst komt de dei Fynt it ljocht syn wei, yn in nije dei